De persoanlike fisy fan Jellie Posthumus-Boersma bestjoerslid fan Enerzjykoöperaasje Meiïnoar Grien Jellum-Bears:
40 jier lyn makke myn skoansuster har al tige drok foar duorsumens, it kaam sa net goed mei ús planeet!
Se brûkte hast gjin plestik mear, iet biologysk, kocht allinich noch ECO-dingen ensfh. ensfh.
Wy fûnen it allegear mar oerdreaun, it soe wol wat tafalle toch...
Lokkich dat minsken as sy oan de bel lutsen!!
No binne we allegear oertsjûge fan it bilang fan duorsumens.
Ek al is it wat let, ik wol ek myn stientsje bydrage troch u.o. myn meitinken en lid wêzen fan E. M.G. Jellum/Bears, en hoe as we dat yn ús doarpen ynfolje kinne.